Plan foar kommersjele finzenis

© Omrop Fryslân
In groep ûndernimmers hat plannen om yn de Kollumerwaard in kommersjele finzenis te begjinnen. De oerheid soe fan dy ûndernimmers sellen hiere kinne. Projektûntwikkeler Bart Gouman Borgesius út Tzummearum wol noch net sizze hokker ûndernimmers har mei it plan by him melden hawwe.
De ûndernimmers hawwe it terrein fan it krûdfabryk fan Muiden Chemie op it each hawwe foar de kommersjele finzenis. Gouman Borgesius treedt op as makelder.