Direksje Parkhove weromfluite

24 mrt 2004 - 00:00

In fertrouwenskommisje hat de direksje fan Parkhove yn Ljouwert weromfluite. De direksje fan it ferpleechtehûs wol besunigje en der soene fiif aktiviteitebegelieders út moatte. De kliïnteried fan Parkhove set dêr fraachtekens by en skeakele de kommisje yn. Dy hat de kliïnteried gelyk jûn en de direksje fan it ferpleechtehûs moat no mei nije plannen komme.

De kliïnteried ûndersiket no oft de besunigings wol echt nedich binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)