Tiidspaad parkearkelder Aldehou

24 mrt 2004 - 00:00

De bou fan de parkearkelder by de Aldehou yn Ljouwert set nei de simmer útein en moat novimber 2006 klear wêze. It hiele plein giet oer de kop. De bedriuwen en bewenners yn de buert sille dêrom in soad oerlêst ûnderfine fan de wurksumheden.

De gemeente stribbet dernei it projekt sa gau mooglik klear te krijen. Der komt lykwols ek in argeologysk ûndersyk en dêr kinne noch beswieren tsjin yntsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)