Jild foar oanpak N351

© Omrop Fryslân
De provinsje hat 3,2 miljoen euro beskikber steld foar de oanpak fan de N351. Dat is de provinsjale dyk tusken Wolvegea en Easterwâlde. It krúspunt Makkingea wurdt feroare yn in rotonde. Ek komt der in parallelwei yn Nijeberkeap. Boppedat wurdt der in fytstunnel by it krúspunt Aldeholtpea mei de Finkegeafeartwei makke.
De projektkosten falle wat heger út om't de fytstunnel ek geskikt makke wurdt foar hynder-en-wein en ruters.