Protest fan bûnen yn skipsbou

© Omrop Fryslân
Fakbûnen yn de skipsbou roppe har leden op te protestearjen. Begjin april sille se yn Den Haach witte litte dat se tsjin it belied van minister Brinkhorst (Ekonomyske Saken) binne. Hy wegert de skipsbou stipe te jaan wylst dat fan de Europeeske Uny wol mei. De bûnen tinke dat tûzenen minsken komme sille. De Twadde Keamer krijt in petysje.
Yn Fryslân binne de lêste jierren skipswerven yn Warten, Koatstertille en op De Lemmer fallyt gien.