Mear cokeferslaafden yn Fryslân

23 mrt 2004 - 00:00

It tal cocaïnebrûkers yn Fryslân is flink tanommen. Dat docht bliken út sifers fan de Kuno van Dijk Stichting. Fjouwer jier lyn fregen 27 ferslaafden by de soarchynstelling om help. Ferline jier wienen dat hast 100. Kuno van Dijk wol der alles oan dwaan om foar te kommen dat fral jongeren coke brûke.

Minister Hoogervorst fan Folkssûnens makket him ek soargen oer de taname fan it brûken fan cocaïne. Sa liet er yn in brief oan de Twadde Keamer witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)