Fryske plysje helpt yn Delft

23 mrt 2004 - 00:00

Fyftich plysjeminsken út Fryslân helpe takom wike tiisdei yn Delft. Dêr wurdt it lichem fan prinses Juliana bysetten yn de Keninklike grêfkelder. It giet om ien peloton Fryske ME'ers. Sy sille dy dei net as ME oan it wurk, mar gewoane plysjetaken ferrjochtsje.

De plysje yn Delft hat help frege fan alle korpsen yn it lân. De ynset fan fyftich man hat gjin konsekwinsjes foar Fryslân. De plysjeynset bliuwt neffens in wurdfierder gewoan op peil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)