Gearkomsten ôfsein om Juliana

© Omrop Fryslân
Gemeentlike en provinsjale gearkomsten geane tiisdei net troch fanwegen it ferstjerren fan prinses Juliana. Ek de ledegearkomste fan Pleatslik Belang Surhústerfean giet net troch.
Yn de gemeentehuzen en op it provinsjehûs yn Ljouwert kin it kondoleânse-register tekene wurde. Yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wurdt woansdeitejûn in betinkingstsjinst hâlden. Kommissaris Nijpels is ien fan de sprekkers.