Jong H'fean - Feyenoord: 2 - 2

© Omrop Fryslân
Yn 'e earedivyzje fan 'e beloftes spile Jong Hearrenfean moandei mei 2-2 gelyk tsjin Jong Feyenoord. De Rotterdammers spilen mei toppers as Van Persie, Pardo, Lzaovic en De Nooijer; by de thúsklub gjin spilers út it earste.
Foar Feyenoord skoarden Van Persie en Lazovic. De Feanster goals wiene fan Wolfgang en Van der Wey. Hearrenfean stiet no twadde yn 'e beloftekompetysje op twa punten fan Jong Ajax, Jong Feyenoord is tredde.