Biskop wol mei skoallen prate

22 mrt 2004 - 00:00

Biskop Eijk fan it bisdom Grins, dêr't Fryslân ta heart, wol mei de katholike skoallen om de tafel. Dit nei oanlieding fan syn besite oan de paus fan twa wiken lyn.

De paus fynt it wichtich dat it kleasterlibben en de priesterropping wer yn it omtinken komme. Benammen by jonge minsken, dus op de skoallen. De relaasje tusken de Fryske katolike skoallen en it bisdom is al jieren min, kontakten binne der hast net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)