Aksje tsjin Frisia

22 mrt 2004 - 00:00

Boeren ha moandei aksjefierd tsjin sâltfabryk Frisia. Se ha op it lân fan boer Faassen ûnder Kleaster Lidlum shovels en ark yn beslach naam, brûkt by de oanlis fan sâltliedingen.

Frisia wie der earder fan út gien dat de boeren dy liedings op har lân gedoge moasten, fanwege it algemien belang. Mar de rjochter hat freed besletten dat boeren net ferplichte binne om dy sâltlieding yn har lân ta te stean. De boeren wolle finansjele kompinsaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)