Kondoleânse-registers iepen

© Omrop Fryslân
Op it Provinsjehûs en yn alle gemeentehuzen kinne fan moandei ôf kondoleânse-registers tekene wurde foar prinses Juliana. Boargemaster Margreeth de Boer tekene om healwei tsienen as earste yn Ljouwert. De registers bliuwe lizzen oant de bysetting, tiisdei 30 maart.
Nei de útfeart wurde de boeken oerlange oan it Keninklik Hûs. Botte drok wie it moandei noch net op de ferskate gemeentehuzen.