Tal reeën nimt ta, ôfskot ek

21 mrt 2004 - 00:00

De wyldbehearienheid fan Midden-Eaststellingwerf tinkt it ôfskot fan reeën flink ferheegje te moatten. Takom jier soene der 70 eksimplaren ôfsketten wurde moatte ynstee fan 55. Ut de jierlykse telling docht bliken dat it tal reeën yn it gebiet tusken Appelskea, Elslo, Nijeberkeap en Easterwâlde tanimt.

De taname fan de populaasje hat gefolgen foar de ferkearsfeiligens. It tal oanridings mei auto's sil tanimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)