Mear helpfragen Sosjale Winkel

© Omrop Fryslân
De Sosjale Winkel yn Ljouwert hat ferline jier tritich prosint mear oanfragen om help by finansjele problemen krigen. Dat docht bliken út de jiersifers oer 2003 fan de Stichting Hulp en Welzijn Ljouwert, dêr't de Sosjale Winkel ûnder falt. De taname fan it tal minsken mei finansjele problemen soe oan de minne ekonomyske omstannichheden lizze.
De Sosjale Winkel stipet no sawat 4000 minsken per jier mei fragen.