Taksysintrale út Kollumersweach

© Omrop Fryslân
Taksy- en touringcarsintrale Noardeast-Fryslân is ferhuze út it sintrum fan Kollumersweach nei in âld boerespul oan de Foarwei tusken Kollumersweach en de Westerein. De ferhuzing wie nedich om't it bedriuw yn 10 jier mei 15 auto's groeid is nei 35. Ek wurkje der yntusken 90 minsken by de sintrale.
De buorlju op it nije plak ferwachtsje oerlêst fan de sintrale, mar neffens de eigner falt dêr wol út te kommen.