Famyljeried fan GGZ no offisjeel

21 mrt 2004 - 00:00

De Famyljeried fan GGZ Fryslân hat nei tsien jier in offisjele status krigen. Der is in gearwurkingsoerienkomst mei de Ried fan Bestjoer fan de GGZ tekene. De Famyljeried is oprjochte yn 1994 en advisearret de GGZ oer nijbouplannen, nije managers en it tal meiwurkers. Ek organisearret de ried byienkomsten foar famyljeleden fan kliïnten fan de GGZ.

De ried hat 13 leden en jout ek in eigen nijsbulletin út foar famyljeleden fan pasjinten en GGZ-kliïnten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)