Offisjele feestlikheden útsteld

© Omrop Fryslân
De útrikking fan it Sulveren Polske en de Nationale Boomfeestdag binne twa fan de feestlikheden dy't oergeane fanwege it ferstjerren fan prinses Juliana. Alle fieringen mei fertsjintwurdigers fan de oerheid geane oant de dei fan de bysetting net troch. Dat is nije wike tiisdei. Boomfeestdag is ferset nei 7 april.
It keningshûs rout oant 11 april. Dat betsjut dat it houlik fan Friso en Mabel en Keninginnedei trochgeane.