Keramykatelier foar Princessehof

20 mrt 2004 - 00:00

Keramykmuseum It Princessehof yn Ljouwert hat it atelier krigen fan de keramist Van der Vaart. Syn bern ha de folsleine ynvintaris fan de ferneamde keramist oan it museum skonken.

De ynvintaris bestiet út ladekasten, in oven, grûnstoffen foar glazuer en heal ôfmakke wurk. It guod komt yn in spesjale romte dêr't it atelier fan de keunstner yn neiboud wurdt. It museum wol mei it atelier besikers yn de kunde bringe mei de produksje fan keramyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)