Bou túnsintrum De Pein stillein

20 mrt 2004 - 00:00

De bou fan túnsintrum Intratuin yn de Pein moat direkt stillein wurde. De bestjoersrjochter stelde freed de omwenjenden fan it sintrum yn it gelyk. Dy hiene beswier oantekene tsjin de komst fan it túnsintrum.

De Intratuin komt pal foar de wenten fan de omwenjenden. Sy binne benaud foar in soad oerlêst. Dêrneist stiet it jildende bestemmingsplan de komst fan in grutskalige winkel hielendal net ta, sa beweare de buertbewenners.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)