Woansdei betinking yn Ljouwert

20 mrt 2004 - 00:00

Woansdei is der yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert in betinkingstsjinst foar prinses Juliana. Elkenien kin dan stilstean by it ferstjerren fan de prinses. Kommissaris Nijpels sil in yn memoriam útsprekke.

Ek de boargemaster fan Ljouwert, Margeeth de Boer, sil sprekke, likegoed as Bearn Bilker, fan de stichting Nassau en Fryslân. De betinkingstsjinst wurdt rjochtstreeks útsjoerd troch Omrop Fryslan, op radio en televzyzje.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)