'Fryske flage net healstok'

20 mrt 2004 - 00:00

De Fryske flage mei net brûkt wurde om prinses Juliana te betinken. Dat seit kommissaris Nijpels. Minsken dy't de flage healstok hingje wolle, hearre dat te dwaan mei de Nederlânske trijekleur.

Op alle oerheidsgebouwen hinget de flage healstok. Op de Aldhou is dat lykwols fanwege de hurde wyn net fertroud. Earder brûts de mêst mei de flage alris ôf. De flagen bliuwe healstok oant en mei de dei fan de útfeart, woansdei oer in wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)