Nije site foar feilich ynternet

© Omrop Fryslân
Skoalmaster Sipke Kloosterman fan Drachten hat in website makke foar alders mei tips om de bern feilich ynternette te litten. Tip ien is om de kompjûter yn 'e wenkeamer te setten, sadat je sjen kinne wat de bern krekt dogge. Tip twa is dat de bern nea har adres en tillefoannûmer jaan moatte oan ûnbekenden yn chatboksen.
Kloosterman is ynternet-ûndernimmer en skoalmaster. Hy makke earder ek al de bernesykmasjine meestersipke.nl.