'Dúdlikens oer Marreprojekt'

© Omrop Fryslân
Twa fraksjes yn Provinsjale Steaten dogge in berop op de wet iepenbierheid fan bestjoer om gegevens oer it Fryske Marreprojekt boppe wetter te krijen. By it beskikber stellen fan subsydzje troch SNN en Europa binne betingsten steld dy't letter foar swierrichheden soargje kinne. Dêr binne alteast Christenunie/SGP en de FNP benaud foar.
Fannewike waard bygelyks dúdlik dat it SNN wol dat de brêge yn Wâldsein it grutste diel fan de dei iepen stiet.