'Fryslân moat Florida wurde'

19 mrt 2004 - 00:00

Minsken wurde hieltyd âlder en ha mear jild te besteegjen. Fryske ûndernimmers moatte derfoar soargje dat se dat yn ús provinsje dogge. Dat seit de Keamer fan Keaphannel. Freed waard it jierferslach fan 2003 presintearre. Neffens de Keamer moat Fryslân 'it Florida fan Nederlân' wurde.

Minsken dy't âlder wurde, ha ek soarch nedich. En dat wolle se hieltyd faker sels regelje. It bedriuw Helping Hands op De Jouwer jout soarch op maat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)