Nijpels mei program presintearje

19 mrt 2004 - 00:00

Kommissaris fan de Keninginne Nijpels mei in televyzjeprogramma presintearje. Dat skriuwe Deputearre Steaten yn antwurd op fragen fan de steatefraksje fan D66. Nijpels presintearret op sneintemoarn it RTL 5 programma 'Back to business'.

Der jilde wol in pear betingsten. Sa mei de kommissaris gjin ôfbrek dwaan oan syn amt en mei er ek gjin dingen dwaan dy't yn striid binne mei de belangen fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)