Talant moat 7 miljoen besunigje

© Omrop Fryslân
Soarchynstelling Talant foar ferstanlik handikapten moat goed 7 miljoen euro besunigje, mar der hoege gjin minsken twongen út. Dat stiet yn it plan fan oanpak dêr't Talant freed mei nei bûten kaam is.
It miljoenetekoart soarget al skoften foar ûnrêst by it personiel en kliïnten. By Talant wurkje goed 4000 minsken. Fakbûn AbvaKabo makket him soargen oer de wurkdruk en de kwaliteit fan de soarch troch de besunigingen.