Seleksje arsjitekt provinsjehûs

© Omrop Fryslân
De provinsje begjint takom wike mei de seleksje fan in arsjitekt foar de ferbou fan it provinsjehûs yn Ljouwert. Neffens de regels moat it wurk Europeesk oanbestege wurde. Fan alle oanmeldingen bliuwe eintsjebeslút fiif oant sân arsjitekten oer dy't in ûntwerp meitsje meie.
It plan mei goed 50 miljoen euro kostje. Oer goed acht moanne hopet de provinsje in arsjitekt te hawwen. De ferbou moat yn 2009 klear wêze.