Film oer en troch jongerein

19 mrt 2004 - 00:00

Jongeren yn Tytsjerksteradiel ha in film oer harsels makke. De film 'The Mix' is bedoeld foar folwoeksenen om mear oer de jongerein te witen te kommen. De film waard tongersdeitejûn fertoand yn diskoteek Quatrebras.

In soad minsken kamen op de fertoaning ôf, wêrûnder ek gemeentebestjoerders en minsken fan Doarpsbelang. Ien fan de filmmakkers, Willemien Tjeerdsma, tinkt dat de folwoeksenen wol wizer wurden binne nei it sjen fan de film.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)