Flagge SC Hearrenfean stellen

19 mrt 2004 - 00:00

Supporters fan FC Grins ha de grutte flagge fan SC Hearrenfean stellen. De flagge wurdt by wedstriden altyd oer de koppen fan it publyk útrôle. De supporters ha de flagge ûnderskite litten troch it 'Peerd van Ome Loeks'. Dat byld stiet foar it Grinzer stasjon.

Op de site trotsvanhetnoorden.nl steane ek foto's fan supporters dy't op de flagge poepe. Alle jieren hâlde de supporters ludike aksjes. Se ha tasein de flagge wer werom te bringen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)