Vonk wer yn seleksje Súd-Afrika

18 mrt 2004 - 00:00

Keeper Hans Vonk fan SC Hearrenfean is wer werom yn 'e Súd-Afrikaanske fuotbalseleksje. Vonk soe nei it WK fan 2002 net mear útkomme foar Súd-Afrika, mar hy is no dochs wer weromfrege. Vonk stiet op doel yn 'e freonskiplike wedstriid tusken Súd-Afrika en Australië. Dy wurdt op 30 maart spile yn Londen.

Njonken Vonk (34) fan SC Hearrenfean is ek Steven Pienaar fan Ajax útnoege foar de wedstriid tsjin Australië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)