Kuorbal: Hofstede coach Blau Wyt

18 mrt 2004 - 00:00

Manfred Hofstede wurdt de nije trener fan kuorbalferiening Blau Wyt fan it Hearrenfean. Hofstede folget Gerald Aukes op. Hofstede hat sels jierrenlang kuorballe by NKC'51 fan Nijverdal en hy hat trener west fan DOW/WK fan Enskedé.

Hofstede is op dit stuit yn it spier by Vada yn Wageningen. Blau Wyt wol mei Hofstede werom nei de haadklasse. De Feanster feriening moat dat dan sûnder Bart-Jan Scheenstra dwaan, want dy giet nei DOS'46 fan Nijeveen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)