Pjutten leare oer ferkear

18 mrt 2004 - 00:00

Pjutten en beukers yn Aldehaske dogge mei oan it ferkears-edukaasjeprojekt Stap-Stoep-Fiets. Dit projekt fan ûnderwiisbegeliedingstsjint GCO Fryslân wol bern en har âlden op boartlike wize yn de kunde komme litte mei ferkearsregels en de gefaren.

Wethâlder De Winter fan Skarsterlân joech tongersdei by basisskoalle It Haskerplak de offisjele ôftraap fan it projekt. Der wie in ferkearspuzeltocht en in ferkearsmerk organisearre.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)