Mear ljipaaien fûn

18 mrt 2004 - 00:00

Pieter Peterson fan Bakkefean hat tongersdei it earste ljipaai fan Opsterlân fûn. Hy fûn it by Bakkefean. Johannes van der Werf fan Drachten fûn woansdeitemiddei it earste aai fan Smellingerlân by De Feanhoop. Johannes Sinnema fan Wergea fûn tongersdei it earste aai fan Boarnsterhim.

Geert Otter, finer fan it offisjele earste ljipaai, hat ek it earste fan Hearrenfean fûn. Hy fûn it aai woansdei yn itselde nêst as it earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)