Grêf Van Coehoorn wurdt opknapt

18 mrt 2004 - 00:00

It praalgrêf fan Menno van Coehoorn yn Wikel wurdt opknapt. Yn de tsjerke fan it doarp waard woansdei de 300ste stjêrdei fan de fêstingboukundige betocht. De Stichting Praalgrêf presintearre de restauraasjeplannen.

Boargemaster De Roos krige it earste eksimplaar fan de biografy fan Van Coehoorn (1641-1704). Hy waard berne yn Den Haach en wenne in grut part fan syn libben yn Wikel. Syn grêf dêr is ien fan de moaiste praalgrêven fan it lân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)