Wâldsein: brêge net altyd iepen

18 mrt 2004 - 00:00

Wâldsein wurdt ûnleefber as de brêge yn it doarp alle oeren fyftich minuten iepen bliuwe moat. Dat sizze de ynwenners. Sy binne it net iens mei it akkoart dat Wymbritseradiel en de provinsje sletten ha mei de noardlike provinsjes oer it meibeteljen oan de oanlis fan twa akwadukten.

Betingst by it akkoart is dat de brêge alle oeren 50 minuten iepen bliuwe moat. Yn de praktyk stiet de brêge faak simmerdeis no ek al 3 kertier iepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)