Geert Otter krijt Sulveren Ljip

17 mrt 2004 - 00:00

Geert Otter fan Haskerdiken hat tiisdei it offisjele earste ljipaai fan Fryslân fûn. Hy fûn it aai om 17.45 oere by Terbant. De útrikking fan de sulveren ljip troch komissaris Nijpels wie woansdei op it provinsjehûs.

Foarsitter Osinga fan it BFVW pleite der by dy gelegenheid foar it aaisikersseizoen tenei begjinne te litten op 1 febrewaris yn stee fan 1 maart. Dat yn ferbân mei it feroarjende klimaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)