Behearder bliuwt moanne fêst

17 mrt 2004 - 00:00

De behearder (50) fan it Streekmuseum Opsterlân moat op syn minst noch 30 dagen sitte. Hy wurdt fertocht fan heling. Ek fjouwer ynbrekkers dy't stellen guod oanleveren, bliuwe in moanne yn de sel. Dat hat de rjochtbank woansdei besletten.

It fjouwertal hat sûnt septimber by dieverij yn it Noarden foar hûnderttûzenen euro's stellen. By it stellen guod sit antyk, sieraden, auto's en kompjûters.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)