Miljeuminister Dekker op besite

© Omrop Fryslân
Minister Sybilla Dekker wie woansdei op wurkbesite yn it waadgebiet. Sy begûn yn it Marnegebiet, prate mei in kokkelfisker en mei in meiwurker fan de NAM op it gasboarstasjon yn Eanjum. Ek makke se noch in fytstochtsje op Skiermûntseach. 'De belangen fan de minsken dêr't it oer giet, meie nea oer de holle sjoen wurde', sei Dekker.
Op dit stuit wurdt yn de Twadde Keamer praat oer in Tredde Nota Waadsee. Dêrfoar wurde advysrapporten skreaun.