Alders Lusanne: straf te leech

© Omrop Fryslân
De âlders fan Lusanne van der Gun fine de straf te leech dy't de ûntfierder fan har dochter krigen hat. Sy wize in eventeel heger berop net ôf. Dat seit Dory van der Gun, de mem fan Lusanne.
Ferline wike tongersdei waard Simon S. fan Ryptsjerk feroardiele ta fiif jier sel. Trije jier minder as de eask fan acht jier. Dy útspraak hat de famylje troffen as in mokerslach. Justysje beslút tongersdei oer in heger berop.