Man skopt en slacht kondukteurs

17 mrt 2004 - 00:00

Op it treinstasjon op 'e Westerein is tiisdei in agressive man oanholden. It giet om in 49-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Hy hie trije kondukteurs bedrige en misledige. Dêrby woe er ien fan harren, in 32-jierrige frou út Ljouwert, tusken de ôfremjende trein en it perron triuwe.

Hy hie de trije kondukteurs slein en skopt. De agressive man rûkte nei drank. Hy is oppakt en sit noch fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)