Cambuur set yn op 4e perioade

© Omrop Fryslân
Cambuur makket him op foar dochs noch in goeie ôfsluting fan it seizoen 2003- 2004. De Ljouwerters wolle besykje yn de race te bliuwen foar de fjirde perioadetitel. De winner fan dy searje mei meidwaan oan de neikompetysje.
Spesjaal foar dy perioadestriid kinne Cambuurfans de lêste fiif thúswedstriden bywenje foar in fêst taryf fan 30 euro. Freed spylje de Ljouwerters in thúswedstriid tsjin VVV- Venlo.