Yge Visser nei finale NK Skaken

© Omrop Fryslân
Fries-om-utens Yge Visser fan Grins - earder fan Snits - hat him moandei foar it earst yn syn libben pleatst foar de finale fan it Nederlânsk Kampioenskip Skaken. Visser (40) wûn de twakamp fan Erwin L'Ami yn in barraazje fan twa snelskaakpartijtsjes. De reguliere partijen wiene yn remise einige.
Sipke Ernst fan Damwâld ferlear yn 'e barraazje fan Dennis de Vreugd. Babak Tondivar fan Ljouwert ferlear syn twakamp fan Erik van den Doel.