Cambuurstewards oppasser by PC

© Omrop Fryslân
Profesjonele stewards fan Cambuur moatte by de PC fan dit jier soargje foar de feiligens fan de 10.000 besikers. De PC moat dy maatregels nimme om oan de feilichheids- foarskriften te foldwaan.
Fanwege dy foarskriften komme 500 steanplakken te ferfallen. Mei-elkoar kinne der net mear as 2500 steanplakken oerbliuwe. Konsekwinsje fan de maatregels is dat de tagongspriis sa'n 2 euro heger komt te lizzen.