Rugbyteam traint op It Amelân

© Omrop Fryslân
It Nederlânsk rugbyteam is takom wykein foar in trainingswykein op It Amelân. Dat is bedoeld as tarieding op de ynterlân Nederlân-Dútslân. De nasjonale seleksje sil traine op it fjild fan fuotbalklup Geel-Wit. Ek dogge se in survivalrun oer it eilân.
It trainingswykein foarmet de ôftraap foar it Beach Rugby Seizoen. Op It Amelân is dizze simmer foar de fyfde kear it NK Strân Rugby.