Probleembern earder opspoard

© Omrop Fryslân
Probleembern yn de gemeente Hearrenfean kinne tenei earder opspoard wurde. Dat kin mei in nije metoade dy't ûntwikkele is troch de universiteit Leiden. Dy hâldt dat de âlders, de meiwurkers fan de bernedeiferbliuwen en it konsultaasjeburo in fragelist ynfolje moatte oer it bern.
Dy listen moatte dúdlik meitsje wat der mei it bern oan de hân is. Op dit stuit jout allinnich it konsultaasjeburo in advys oer de bern.