Earste ljipaai net akseptearre

© Omrop Fryslân
It earste ljipaai fan Fryslân dat moandei by Makkum fûn waard, wurdt net akseptearre troch kommissaris Nijpels. It aai is moandeitemiddei om fjouwer oere fûn troch Hessel Bouma fan Turns yn guozzekritegebiet. Yn sokke gebieten mei pas aaisocht wurde nei healwei fiven middeis oant de sinne ûndergiet.
De provinsje hat no besletten it aai net te akseptearjen om't dat it sinjaal ôfjaan soe dat jo je net oan de regels hoege te hâlden.