Earste ljipaai fûn by Makkum

15 mrt 2004 - 00:00

It earste ljipaai fan Fryslân is moandeitemiddei om 16.00 oere hinne fûn yn 'e buert fan Makkum. It aaike is fûn troch Hessel Bouma fan Turns. It is net wis oft it ljipaai oanbean wurdt oan Kommissaris Ed Nijpels.

Bouma fûn it aai yn guozzegedoochgebiet en dêr mei pas nei healwei fiven socht wurde. Boargemaster Piersma lokwinkse Bouma earst mei syn fynst, mar yn in twadde telefoantsje wie er net mear wis oft it aaike wol oanbean wurde kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)