'Brief út 'e hel' út Fryslân

15 mrt 2004 - 00:00

Op ynternet docht in spammail mei in grouwélich berjocht út de hel de rûnte. It berjocht linkt nei de site fan 'e evangelisearje famylje Postma fan Damwâld, mar dy ûntkenne dat sy it brief rûnstjoerd ha. Dat ha oaren dien, neffens de Postma's. Sy ha de eigen site dêrom mar út te loft helle.

Yn it brief wurde de pine en it ûngemak beskreaun dat je te wachtsjen stiet as je je net bekeare. Guon minsken fine dat slim steurend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)