Jildkrapte by Fûgelpits

© Omrop Fryslân
De Fûgelpits yn Moddergat hat driuwend ferlet fan jild. Der is noch altiten in tekoart fan 2 ton. Gaatske en Sape Wiersma roppen dêrom moandei by de weriepening fan it fûgelsintrum de donateurs op om jild te jaan. Sa hat De Fûgelpits noch in frieskist nedich.
De Fûgelpits is ferhuze fan Eanjum nei Moddergat. At it nije sintrum klear is, is der plak foar 10.000 fûgels. By de weriepening fan moandei waarden 200 skjinmakke oaljefûgels wer frijlitten.