Steps yn swier waar

15 mrt 2004 - 00:00

Kleanwinkelketen Steps sit yn finansjele problemen. It bedriuw hat moandei útstel fan betelling krige. Oarsaak fan 'e malêze is de minne ekonomyske situaasje. De moadebrânsj seach de omset yn 2003 mei 10 prosint tebekrinnen. De earste trije moanne fan dit jier set dy trent fierder troch.

Steps hat goed hûndert winkels yn hiel Nederlân. Yn Fryslân binne der filialen yn Ljouwert en yn Drachten, mei tusken de tsien en fyftjin meiwurkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)